Ofstelplak deadehoekespegels

17 des 2007 - 17:38

It earste iepenbiere ôfstelplak foar deadehoekespegels leit yn Fryslân, by Surch. Rykswettersteat en Transport en logistyk Nederland hawwe it inisjatyf dêrta naam. De deadehoekespegels binne fan grut belang foar de feiligens fan fytsers en fuotgongers. Sjauffeurs kleie wol gauris dat de spegels sa dreech ôf te stellen binne. Yn it ôfstelplak stean spesjale strepen op 'e wei. De frachtauto moat dertusken stean gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)