Topbesetting Sintrumcross

17 des 2007 - 17:14

De 14e edysje fan de Sintrumcross yn Surhústerfean krijt in topbesetting. Njonken wrâldkampioen Erwin Vervecken komme ûnder oaren de Belgyske topper Sven Nijs, de Nederlânske wrâldkampioen by de beloften Lars Boom, de Amerikaan Jonathan Page, de Italjaan Enrico Franzoi en âld-wrâldkampioen Richard Groenendaal.

De cross wurdt op 9 jannewaris fan it nije jier hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)