Saak berneporno útsteld

© Omrop Fryslân
De rjochtsaak tsjin in 47-jierrige man út De Jouwer is útsteld. De man soe yn septimber plaatsjes mei berneporno sjen litten hawwe oan twa jonkjes. Hy wie al earder feroardiele yn in sedemisdriuw. Plysje en gemeente hâlden him dêrom al yn de gaten, mar it slagge de man dochs de jonkjes yn 'e hûs te lokjen troch harren wat lekkers ta te sizzen.
De saak is oanhâlden omdat der te min materiaal is. Der komt in nije datum.