Top 2000-krante hjir printe

17 des 2007 - 12:44

In Frysk bedriuw printet de alderearste Top 2000-krante. It giet om it direct marketing-bedriuw Netcentral Advertising út Grou. De populêre Top 2000 wurdt dizze wiken útstjoerd op Radio 2 en yn 'e Top 2000 a Gogo op televyzje mei Matthijs van Nieuwkerk.

De krante komt út in oplaach fan in heal miljoen. Takom jier is de oplaach 6,5 miljoen. Hy wurdt dan hûs-oan-hûs ferspraat. Yn 'e krante stiet de ranglist en ferhalen fan artysten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)