Woansdei natoeriiswedstriid

De iisbaan by Nijelemmer
As it waar it talit is woansdei om 13.30 oere de earste koartebaanriderij fan it jier yn Nijlemmer. Der leit no al trije sentimeter iis. De wedstriid kin trochgean as der noch oardel sentimeter bykomt. De organisaasje hopet dat dat nei de kommende nacht it gefal is.
It giet om in koartebaanwedstriid foar manlju. Opjaan kin telefoanysk op telefoannûmer 0561-611813 oant 11.30 oere op de wedstriiddei.