Swangere frou en bern oanriden

17 des 2007 - 10:19

In frou-yn-ferwachting en twa bern binne snein oanriden by in pleats tusken Wurdum en Goutum. De 34-jierige frou út Wurdum en har bern fan 2 en 3 jier waarden op 'e reed skept troch in 27-jierrige automobilist. De Wurdumer hie de trije net sjoen omdat er ferbline waard troch de leechsteande sinne.

Ien fan 'e bern hie skaafplakken yn it gesicht. De mem is nei it sikehûs brocht foar kontrole.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)