Jonge pakt mei nitraatbommen
In jonge fan 13 jier út Ljouwert is sneintejûn oanholden om't er fjoerwurk ôfstutsen hie. De fertochte hearde by in groep fan sân jongeren. Yn de fytstas fan 'e jonge sieten tsien nitraatbommen. Hy sei dat er twa ôfstutsen hie en dat it fjoerwurk yn 'e fytstassen fan him wie.
De plysje hat it fjoerwurk yn beslach nommen. De jonge hat prosesferbaal krige.