Alle Liet-nominaasjes bekend

16 des 2007 - 14:03

De lêste foarrondes fan sjongfestival Liet yn Ljouwert en Sint Jabik hawwe sneon jitris seis nominaasjes opsmiten foar de finale fan 17 maaie 2008. De trije nominaasjes fan de foarronde yn Ljouwert binne de formaasje Nassau mei it nûmer Solo, Rodina mei In flecht út it libben en Katterpillaar mei it liet Yn it djipste fan myn siel.

Yn Sint Jabik giene de nominaasjes nei Xigatze mei Moannemansoan, Trienke mei Simmerbloed en Ljoubr mei Skreau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)