Koopmans hat nije mole

© Omrop Fryslân
Moalfabryk Koopmans yn Ljouwert nimt takom jier jannewaris in nije mole offisjeel yn gebrûk. Kommissaris Nijpels set plechtich de knop om. De nije mole is dit jier boud en past by fierdere modernisearring fan it fabryk. Ferline jier is der ek al in aardich dofke jild ynvestearre yn it fabryk. Koopmans bestiet al mear as 150 jier en hat 112 wurknimmers yn tsjinst. Der wurde allehande soarten moal makke.