'Kompensaasjejild sa litte'

16 des 2007 - 13:24

Fryslân moat 900 miljoen euro krije fan it Rykskompensaasjejild foar it Suderseespoar en gjin sint minder. Dat seit foarsitter Tichelaar fan 'e PvdA Twadde Keamer-fraksje. Hy is benaud dat it Fryske oandiel bestege wurdt oan bygelyks de rûnwei om Grins.

Der is ôfpraat dat Grinslân 50% krijt, Fryslân 40 en Drinte 10. Foar Fryslân is dat 900 miljoen euro. In nije diskusje oer de ferdieling is min foar it imago fan it Noarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)