De Moanne wol gearwurking

© Omrop Fryslân
De redaksje fan it blêd De Moanne wol struktureel gearwurkje mei Tresoar, de Fryske Akademy, Afûk en Cedin. By it meitsjen fan it Krystnûmer hawwe de organisaasjes meitocht oer artikels en ferhalen. Begjin takom jier wurdt wurdt strukturele gearwurking hifke.
It Krystnûmer ferskynt yn in oplaach fan 5000 stiks. Oars binne dat 800. Dizze Moanne wurdt fergees útdield by skoallen, boekhannels en teaters om mear abonnees te krijen.