Utnoeging tsjustere fytstocht

De proef mei de mindere ferljochting is oankundige mei buorden
De doarpsbelangen fan Alde- en Nijhoarne en Ketlik hawwe B en W en riedsleden fan It Hearrenfean útnoege foar in jûnsfytstocht op 21 desimber. Se wolle dat de bestjoerders ûnderfine hoe't it is om by tsjuster troch it bûtengebiet te fytsen. Dêr rint op it stuit in proef mei enerzjyfreonlike, lichtere ferljochting.
Der is in soad krityk op de mindere ferljochting, want in protte minsken fiele harren ûnfeilich.