Fytser Appelskea swierferwûne
By in oanriding op de Industrieweg by Appelskea is in 78-jierrige fytser sneontemiddei slim ferwûne rekke. In frachtwein woe him ynhelje, mar de man begûn dêrtroch te slingerjen. In oanriding wie it gefolch.
It slachtoffer is op 'e dyk fallen. Hy is mei swier letsel oan 'e holle en boarst nei it sikehûs yn Grins ta brocht.