Dikke oerwinning Hearrenfean

SC Hearrenfean hat sneontejûn dik wûn fan NAC. Yn Breda waard it 5-1 foar de ploech fan trainer Verbeek. By it skoft wie it 1-0 troch in goal fan Gerald Sibon.
Yn de twadde helte makke Hearrenfean dien wurk. Sulejmani, wer Sibon en twa kear debutant Paulo Henrique soargen foar in 5-0 foarsprong. Tamerus die noch wat werom foar NAC, mar fierder kaam de thúsploech net. Hearrenfean stiet no stevich op it fjirde plak.