SCO wint fan Drachten

15 des 2007 - 20:54

Yn de haadklasse fan de kuorbalkompetysje hat SCO sneontejûn mei 22-18 wûn fan Drachten. By it skoft stie der al in 15-10 foarsprong op it boerd foar SCO.

Yn de twadde helte sette Drachten wol de efterfolging yn, mar sy slaggen der net yn om lyk te kommen mei SCO. Oan de ein fan de wedstriid koe SCO úteinliks noch útrinne nei in 22-18 einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)