Auto troch read: botsing

15 des 2007 - 15:11

Nei in oanriding op de Brédyk by Stiens is freedtemiddei in autopassazjier nei it sikehûs brocht. De man út Hijum siet by in 61-jierrige doarpgenoat yn 'e auto. De botsing ûntstie doe't de bestjoerder fan in bestelauto út Feinsum út 'e rjochting Holwert troch read ljocht ried. De Hijumer kaam fan 'e oare kant en sloech krekt linksôf Stiens yn. Troch de botsing foel de ferljochting op 'e krusing út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)