Rollades út slachterij stellen

15 des 2007 - 14:09

By in slachter oan 'e Canterlandsewei yn Gytsjerk is in grutte partij fleis stellen. De rollades en oar spul leine yn in kuol- en in friessel. Foar it tydlik ferfier binne trije kroaden brûkt dy't stellen wiene by de buorlju. De dieven hawwe de kroaden stean litten en it fleis meinaam.

De ynbraak is dien yn 'e nacht fan tongersdei op freed. De plysje hat in buertûndersyk dien en docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)