Trije Lietfinalisten yn Kollum

© Omrop Fryslân
Derelict Dandies, Titus de Wolff en de formaasje Wat 6t gean troch nei de finale fan Liet 2008. Se waarden freed útkeazen op 'e tredde regionale foarronde yn De Colle Kollum. Neffens de sjuery wiene de dielnimmers fan heech nivo.
Liet hat no noch twa foarrondes te gean. Dy binne sneon yn Ljouwert en yn Sint Jabik. Tsien groepen of artysten gean troch nei de finale op 17 maaie takom jier yn De Harmonie yn Ljouwert.