Gjin ierdwaarmte yn Snits

15 des 2007 - 09:03

It ferwaarmjen fan de hûzen yn de nije wenwyk Harinxmaland yn Snits mei help fan ierdwaarmte wurdt fierste djoer. Dat docht bliken út in rapport fan de gemeente. It projekt soe rendabel wêze mei 3000 nije hûzen, mar yn Snits komme mar 1200 hûzen.

It gemeente bestjoer is skrokken, mar wol noch wol fierder ûndersyk dwaan. Neffens wethalder Bargboer kin der miskien gearwurke wurde mei Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)