Henk Kroes beneamd ta offisier

14 des 2007 - 20:23

Ald-Alvestêdefoarsitter Henk Kroes is freedtejûn beneamd ta Offisier yn de Oarde fan Oranje-Nassau. Dat barde by syn ôfskied fan de feriening de Friesche Elf Steden. Kroes krige de ûnderskieding foaral foar syn ynset foar de mienskip. Kommissaris Ed Nijpels hat him de ûnderskieding opspjelde.

Kroes naam freed nei 13 jier ôfskied as foarsitter fan de feriening. Syn opfolger is Wiebe Wieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)