Spesjale fjoerwurkbril

14 des 2007 - 18:31

It MCL sikehûs yn Ljouwert komt mei in spesjale bril foar âld en nij.

De bril moat foarkomme dat minsken fjoerwurk yn de eagen krije. Neffens eachdokter Edith Edens fan it MCL komme der alle jierren op 'e nij minsken mei swiere ferwûnings nei it sikehûs yn de wiken om âld en nij hinne. Minsken sjogge net goed út mei it ôfstekken fan fjoerwurk en kinne dan samar in each ferlieze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)