Oppewal stoppet mei Popnet

© Omrop Fryslân
Theo Oppewal nimt ôfskied as haadredakteur fan it Fries Popnet.
It giet hjir om in netwurk fan de Fryske popmuzyk. Oppewal kin de wurksumheden foar it Popnet net mear kombinearje mei syn oare wurk. De taken fan Theo Oppewal wurde yn earste ynstânsje oernaam troch meiwurkers fan Stichting Friesland Pop. It Popnet hat de ôfrûne tiid foaral drok wurke oan de opset fan in nije webside foar de Fryske popynstellings.