Ungelok troch spookrider op A7

© Omrop Fryslân
De A7 is ôfsletten tusken de ôfritten Fryske Peallen en Boerakker yn ferbân mei in slim auto-ûngelok. In spookrider út de rjochting Grins is by it fiadukt fan Niebert frontaal op in oare auto botst. De spookrider bedarre troch de botsing tsjin de fangrail.
De oare bestjoerder kaam mei syn auto yn de sleat telâne. Beide bestjoerders binne slim ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. It ferkear wurdt omlaat.