Undersyk nei jildpine Caparis

14 des 2007 - 15:47

It bestjoer fan wurkfoarsjenning Caparis hat in ûndersyk ynsteld nei de hannelwize fan de Ried fan Kommissarissen. Caparis hat in tekoart op de begrutting en moat gau op syk nei nije boarnen fan ynkomsten. De Ried fan Kommissarissen hawwe mooglik net op 'e tiid yngrypt.

By Caparis wurkje 2500 minsken út acht Fryske gemeenten. De gemeenten sille de begrutting net goedkarre oant it ûndersyk nei de jildpine klear is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)