Fraachtekens by SC Hearrenfean

14 des 2007 - 12:40

Trainer Gertjan Verbeek moat foar de wedstriid tsjin NAC Breda sneon de nedige problemen oplosse. Sa is middenfjilder Geert Arend Roorda blessearre oan 'e knibbel. Ek it meispyljen fan ferdigener Bak Nielsen is noch ûnwis.

Foar Roy Beerens komt de wedstriid tsjin NAC te betiid. Hy ûnderfynt noch altiten te folle lêst fan syn ljisk. Gertjan Verbeek woe op 'e training syn opstelling net jaan. Hy puzelt noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)