Tetra Pak nei it Hearrenfean

Tetra Pak ferhuzet nei it Hearrenfean
It bedriuw Tetra Pak ferhuzet de twa festigings fan Ljouwert en De Gordyk nei it eardere gebou fan SCI op it Hearrenfean. By Tetra Pak wurkje 55 minsken. De ferhuzing sil yn de twadde helte fan 2008 plakfine.
Tetra Pak ferhuzet, omdat it bedriuw fan twa festigings ien meitsje wol. Tetra Pak is spesjalisearre yn kartonnen ferpakkings foar de suvelyndustry. Ek wurde der masines foar de suvelyndustry makke.