Identiteit deade frou bekend

14 des 2007 - 09:42

De deade frou dy't woansdei fûn waard yn de Broeresleat yn Snits is in ynwenster fan dy stêd fan 49 jier. De identiteit fan de frou koe fêststeld wurde omdat in buorman de plysje melde dat er de frou al in tal dagen net mear sjoen hie.

It is yntusken dúdlik dat de frou net troch in misdriuw om it libben kaam is. Earder waarden al de fyts en klean fan de frou fûn oan de kant fan de Broeresleat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)