Mear jild foar de Marrekrite

"Mear jild foar de Marrekrite"
Gemeenten moatte mear betelje oan rekreaasjeskip de Marrekrite. It bedrach dat de gemeenten, as leden fan de Marrekrite, jouwe, is fan 2009 ôf net mear genôch om it ûnderhâld fan steigers en oanlisplakken te beteljen.
It algemien bestjoer fan de Marrekrite bestiet út dy gemeenten en dat is akkoart mei in hegere bydrage. Dat der mear jild nedich is komt trochdat der de ôfrûne jierren allinnich mar mear lisplakken bykaam binne.