Subsydzjepot skipsbou bliuwt

13 des 2007 - 20:46

De subsydzjeregeling foar de skipsbou bliuwt bestean. It regear wol de pot mei jild net ôfskaffe, no't it wer goed giet mei de skipsbousektor.

It ministearje fan Ekonomyske Saken betocht de regeling in pear jier lyn. De skipsbou yn it Noarden drige doe te ferdwinen troch ûnearlike konkurrinsje út it bûtenlân. Keamerleden fine dat de regeling ôfskaft wurde kin, omdat der hast gjin gebrûk fan makke wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)