Te keap: fjoerwurkbril

13 des 2007 - 20:31

De eachdokters fan sikehûs MCL yn Ljouwert en Harns ferkeapje fjoerwurkbrillen. Se wolle sa foarkomme dat minsken oan har eagen ferwûne reitsje troch fjoerwurk.

De bril is makke fan pleksiglês en slút oan alle kanten goed ôf. Neffens de dokters sjucht er der moai út en kin er ek foar gefaarlike putsjes thús brûkt wurde. Hij kostet trije euro fyftich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)