Alves populêr op Google

"Alves populêr op Google"
Fan de aktive fuotballers yn Nederlân is Hearrenfean spiler Afonso Alves it meast opsocht op de website fan Google. De Brazyljaanske spits kaam in soad yn it nijs it ôfrûne jier en dêrtroch waard de namme fan Alves faak yntikke op de sykmasjine fan Google.
Alves hat in lytse foarsprong op âld-Hearrenfean spiler Klaas-Jan Huntelaar. Feyenoorder Roy Makaay folget op in tredde plak.