Ofskied fan Omrop-direkteur

Pim Gaanderse hat ôfskied nommen fan de Omrop
Direkteur Pim Gaanderse fan Omrop Fryslân hat tongersdei offisjeel ôfskied naam. Hy hâldt der nei tsien jier mei op. Yn dy tiid wie er ûnder oare ferantwurdlik foar de ferhuzing fan de Omrop fan trije lokaasjes nei ien gebou en in grutte reorganisaasje. It bedriuw is ûnder syn lieding hurd groeid sûnder it eigen gesicht te ferliezen.
Pim Gaanderse sil no fierder as interim-manager by oare bedriuwen.