Fryske Suske en Wiske te keap

13 des 2007 - 16:13

De Frysktalige ferzje fan it nije Suske en Wiske-album komt toch yn de winkels. It stripboek oer de alvestêdetocht is yn in Nederlânske en Fryske ferzje presintearre.

De Frysktalige ferzje wie eins allinne bedoeld foar minsken dy't nij yn Fryslân komme te wenjen. Der is in soad fraach nei en dêrom hat de Afûk besletten om it yn de hannel te bringen. It giet earst om in oplage fan 2000 eksimplaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)