Earherstel foar Foekje Dillema

13 des 2007 - 15:40

Der komt earherstel foar Foekje Dillema. Dat hat de Atletykuny sein yn in petear mei de famylje. De rekords fan de ferline wike ferstoarne atlete út Boerum op de 100 en 200 meter komme werom yn de boeken. It bûn biedt ekskuzes oan de famylje oan en sil noch blommen op it grêf fan Foekje Dillema lizze.

Nei in dubieuze geslachtstest waard yn 1950 besletten dat Foekje Dillema in man wie. Se mocht net mear meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)