UEFA nominearret Afonso Alves

13 des 2007 - 13:00

Hearrenfean-spits Afonso Alves is troch de UEFA nominearre foar 'it alvetal fan it jier'. Op de UEFA-site kinne fuotballeafhawwers har team gearstalle út de bêste fuotballers fan 'e Europeeske kompetysjes. Alves is nominearre fanwege syn 34 goals yn it foarige seizoen en ek omdat hy de Copa America wûn mei Brazilië.

Njonken Alves binne ek spilers as Royston Drenthe en Edwin van der Sar nominearre foar dit stjerreteam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)