Medaljes Dillema yn Nij Seelân

Foekje Dillema
De medaljes dy't Foekje Dillema krigen hat, komme mooglik werom nei Nederlân. Se lizze nammentlik yn in kast yn Nij Seelân, yn it plak Palmerston North.
Fries om utens Jan de Boer (84) krige de medaljes fan de âld-atlete yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu. Hy ken Foekje Dillema fan jongs ôf oan. De Boer hat se oppoetse litten en wit no nei it ferstjerren fan Foekje Dillema net rjocht wat er der mei moat.