Minder hurd ride yn Harkema
In herynrjochting fan de Nijewei yn de Harkema moat der foar soargje dat it ferkear minder hurd ride sil.
De gemeente Achtkarspelen sil de dyk fernije, mar ek ferskate remjende maatregels nimme. De dyk wurdt 1,5 meter smeller makke. Ek wurde drompels oanlein. Ek de strjitte de Wide Pet wurdt oanpakt.