Stim foar Fryske top 100!

© Omrop Fryslân
Op 20 desimber kin foar it lêst stimd wurde foar de Fryske Top 100. Harkers kinne telefoanysk har top 5 útbringe. Fryske artysten lykas Piter Wilkens en Frederike Kleefstra sitte oan de telefoan om de top 5 op te skriuwen.
Muzyk yn Bedriuw en Noardewyn steane ek yn it ramt fan de Fryske muzyk. Ek jûns kin fan 18.30 oant 20.00 oere belle wurde. Fan 19.15 oere is it op televyzje te sjen. Artysten sille dan live spylje.