Trein Ljouwert-H'fean rydt wer

13 des 2007 - 10:02

De spoarbrêge tusken Akkrum en Grou-Jirnsum docht it wer. Om healwei tsienen wie der in stoaring by de brêge. De trein tusken Ljouwert en Akkrum ried net. Reizgers waarden mei bussen fan stasjon nei stasjon brocht.

De spoarbrêge by Akkrum is fan 't simmer ferfongen. Dêrnei binne der geregeld problemen. De sensoaren op de brêge sloegen te gau alarm. Yn oktober hat Prorail noch besocht it euvel te ferhelpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)