KNSB wol mear jeugdriders

jeugd moat mear reedride (foto: Martin de Jong)
It reedrydbûn begjint yn Fryslân mei in ledewinaksje ûnder de jeugd fan de iisklups. It tal bern dat oan riden docht, is de lêste jierren mei de helte werom rûn. Om har wer op it iis te krijen, kinne bern tusken de 6 en 14 jier fergees fjouwer kear in training folgje op keunstiis, yn Thialf of op de iisbaan Ljouwert.
De trainings wurde fersoarge troch trainers fan de sechtjin Fryske reedrydferienings.