Kasino noch net nei binnenstêd

12 des 2007 - 22:37

It Holland Casino ferhuzet foarearst net nei in ûnderkommen yn de Ljouwerter binnenstêd. It kasino ferwachtet troch nije belestingregels minder winst te meitsjen. In ynvestearring yn in nij gebou wurdt dêrom útsteld oant 2011.

It Holland Casino bliuwt de kommende jierren op de hjoeddeiske lokaasje yn it WTC-Expo sitten. It meitsjen fan plannen foar nijbou giet wol troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)