Twadde oankeap Noorderhuys

© Omrop Fryslân
Ynvestearringsmaatskippij Noorderhuys Participaties fan de Jouwer is eigner wurden fan ferpakkingsbedriuw Twinpack. By dat bedriuw wurkje 46 minsken en it hat in jieromset fan 47,5 miljoen. Twinpack hat fêstigings yn Barneveld en Noordwijkerhout.
Twinpack is it twadde bedriuw dat oankocht is troch de Jouster ynvestearringsmaatskippij. Dy waard oprjochte troch fjouwer eardere wurknimmers fan de Friesland Bank.