Oranjewoud keapet Edelgrass

It Edelgrass-keunstgêrs fan Cambuur
Oranjewoud hat it bedriuw Edelgrass yn Genemuiden oernaam. By Edelgrass wurkje 67 minsken en it bedriuw hat in omset fan 32 miljoen euro per jier. Edelgrass makket ûnder oare keunststof sportfjilden. De ferwachting is dat de fraach nei sokke fjilden flink tanimme sil en dat de omset dêrtroch ferdûbelt.
Oranjewoud hat Edelgrass kocht tegearre mei Nijverdal-Ten Cate yn Almelo.