Brânwacht faker te let by brân

© Omrop Fryslân
De brânwacht is hieltyd faker te let by brannen. 12 a 15 minuten dogge se der oer yn stee fan de 8 minuten dy't derfoar steane. Minister Ter Horst fan binnenlânske saken wol dy 8 minuten no wetlik fêstlizze.
Oplossings binne neffens de minister op de brommer nei de kazerne of brânwachtauto's op ferskate plakken yn de provinsje delsette sadat se earder te plak binne. Ek yn Fryslân rêde se it faak net yn 8 minuten.