Atletykuny te set oer Dillema

12 des 2007 - 15:51

De foarsitter fan de Atletiekunie, Rien van Haperen, sil tongersdei oerlis ha mei de famylje fan de foarige wike ferstoarne atlete Foekje Dillema. Dan sil foaral oan de oarder komme oft der earherstel foar de hurddraafster komme moat.

In wurdfierder fan it atletykbûn slút dat net út. Woansdei waard bekend dat behalve de famylje Dillema ek boargemaster Bilker fan Kollumerlân wol dat Foekje rehabilitearre wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)