Treinen Harns-haven ride wer

12 des 2007 - 14:01

De treinen tusken Harns en Harns-haven ride wer. Earder woansdei waard it treinferkear stillein, omdat der in grut stik stien op it spoar drige te fallen. It gie om in brok stien fan de kearmuorre, fan 2 by 1 by 1 meter.

In meiwurker fan Wetterskip Fryslân ûntduts de gefaarlike situaasje. It wetterskip socht doe fuort kontakt mei spoarbehearder Prorail. Dy hat it treinferkear stillein. It stik stien is fuorthelle en de treinen ride wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)