Ljouwert krijt bystânsjild Ryk
De gemeente Ljouwert hat 2,5 miljoen euro losprate kind by it Ryk. It is jild dat de gemeente ferline jier út eigen kas bypast hat foar bystânsútkearings. Want Ljouwert krijt dêrfoar net genôch jild fan it Ryk.
De gemeente hoecht de 2,5 miljoen net perfoarst te besteegjen oan bygelyks bystânsútkearings; se kinne der mei dwaan wat se wolle.