Bilker wol earherstel Foekje

Foekje Dillema wie yn 1950 flugger as Fanny Blankers-Koen
Kollumerlân wol der alles oan dwaan om hurdrinster Foekje Dillema yn eare te herstellen. Boargemaster Bilker wol neitinke oer it fersyk fan de famylje om in strjitte yn it berteplak Boerum nei har te ferneamen. Muoikesizzer Foeke Dillema fan Kollum die dat fersyk foar Omrop Fryslân radio.
Foekje Dillema ferstoar ferline wike woansdei op 81-jierrige leeftyd. Se wie yn 1950 miskien wol de snelste frou fan de wrâld.