Famke net lestichfallen

© Omrop Fryslân
It famke dat freedtejûn op De Gordyk lestichfallen wêze soe, hat dat ferhaal betocht. Dat seit de plysje. De plysje hat fuortendaliks nei de melding ûndersyk dien nei in fytser dy't it famke yn in parkje tenei kaam wie. Der is ek socht nei in frou dy't it famke holpen hat, dêr waarden de media foar ynskeakele.
Yntusken hat út gesprekken mei it famke en it plysjeûndersyk bliken dien dat it allegear net gebeurd is.