De Rouwe bêste debater

Sander de Rouwe is goed mûlryp
It Fryske Twadde Keamerlid Sander de Rouwe is de bêste debattearder fan 'e nije Keamerleden. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik op in wedstriid. De Fryske CDA'er joech neffens de sjuery 'pit oan it debat'. De priis is in brûnzen byldsje. Sander de Rouwe wie de bêste fan sân oare farske Keamerleden.
De kompetysje wurdt op 'e nij hâlden as der wer in nij parlemintslid oantreden is.